
In slaaf yn Amerika, in Fries yn Grinslân. Gefoelens binne ien. Yn'e tinzen hoe't it wêze koe, foar eagen hoe't it is. It heitelân fier fuort en deltwongen. Jo sykje lotgenoaten. Jo sjonge om inoar oerein te hâlden, om it libben doel te jaan. En om minsken fjoer te jaan foar de striid dy't striden wurde moat, tsjin it ûnrjocht ús oandien.
It mei gjin wûnder hjitte dat de klang fan in gitaar bytiden krekt wat te djip it hert yn snijt, stimmen krekt wat te rau binne en eagen dreech droeg te hâlden. Om ús libben draachlik te meitsjen, om ús in ljocht op ús paad te jaan, bestiet der ien soarte fan mesyk: de blues.
Fan Avondturier & Veeboer.Hja binne al jierren op'n paad yn Grins. Mei syn neef Joop as grutte ynspirator socht Kor Avondturier, en fûn: PeeWee J. A. A. Veeboer. “Hie de kar úzes west, wa wit… Wy kinne neat oars. De pine snijt ús troch it boarst as in Herder troch in eintsje leverwoarst.”
Fragen? ynfo@fryskeblues.nl